Eeltsje
Hettinga
Akten fan winter
Prijs Euro 22.50
Foar A.
Wy soene op reis, de blauwe wetters oer
om yn'e geast fan Hear Aernout te priuwen
it herte fan alles wat libbe bûten
de regel fan frije, ús frjemde ritmen.
Der wie in romte, broer, wylder en gystener
as de bak bedêstens fan Ons Noorden,
it wurd fan bleke pausen en de nearzigens
fan Fryslâns dûnkere neakenbuorrens.
Wy soene har. Om moast de boeresiele.
Wy balten it út, Jonges op 'e Woldberch.
Wat fêststie, ûnferdraachlik it antlit fan
berêsting droech, reagen wy fan'e sokkel.
Wy liezen út it Grutte Boek fan Ronsard,
songen smoarge priapeeferskes foar
de famkes yn it Suden. Ai, wy barsten
omtrint út it fel (fan ús sinnen).
Gebonden,
Hettinga, E., Akten fan winter Prijs Euro 22.50
|
Bij u in huis op: woensdag
|
|